Premjêre iepenloftspul Animal Farm dei letter fanwege it waar

De premjêre fan it iepenloftspul Animal Farm yn Sparjebird wurdt mei in dei útsteld. De earste foarstelling soe freedtejûn wêze op De Himrik, mar is fanwegen de waarfoarsizzingen no op sneon.
De bisten ferdriuwe de boer fan de pleats © Omrop Fryslân
Ofrûne wykein waard de premjêre fan it iepenloftspul 'Stjer yn it tsjuster' yn Jorwert ek al in dei útsteld, yn ferbân mei tongerbuien.

Ferhaal fan George Orwell

Animal Farm is basearre op it ferhaal fan George Orwell út 1945 en wurdt no útfierd troch it Iepenloftspul Opsterlân.
"Het stuk gaat over een groep dieren op een boerderij, die het eigenlijk niet zo eens is met hoe ze leven", fertelt regisseur Job de Roo fan iepenloftspul Opsterlân. "Ze hebben een hekel aan de boer en eigenlijk daarmee ook aan de mens in het algemeen. Ze besluiten die boerderij over te nemen en hun eigen maatschappij daarbinnen te creëren."
De foarstellings fine plak op it terrein fan Speelbos Sparjebird op De Himrik en begjinne alle kearen om 20.00 oere.
Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op de spesjale iepenloftspulside fan Omrop Fryslân. Hjir fynst filmkes, artikels en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.