Auto botst tsjin beam yn Frjentsjer

05 sep 2019 - 10:40

Op de Harlingerweg yn Frjentsjer is tongersdeitemoarn in auto tsjin in beam botst. De plysje moast dêrop de ôfslach rjochting de dyk tydlik ôfslute.

Foto: CAMJO Media

Hoe't it koe dat de auto tsjin de beam botst is, is noch net dúdlik. De ambulânse waard oproppen om de bestjoerder medysk te kontrolearjen; it is net bekend oft dy by it ûngelok ferwûne rekke is.

Trefwurden: 
ûngelok Frjentsjer botsing
(Advertinsje)
(Advertinsje)