Sollisitanten foar boargemasterspost It Amelân bekend: 22 manlju en 11 froulju

Foar de boargemasterspost op It Amelân hawwe har yn totaal 33 sollisitanten melden. Der reagearren 22 manlju en 11 froulju op de fakatuere, dy't nei alle gedachten fan jannewaris takom jier ôf ynfolle wurde moat.
De fjoertoer op It Amelân © Omrop Fryslân
Fan de kandidaten binne der leafst 31 âlder as fjirtich jier. Fan twa kandidaten is net bekend hoe âld oft se binne. It grutste part fan de sollisitanten is lid fan de VVD, folge troch kandidaten fan de lokale partij. Ien kandidaat is partijleas.
Op dit stuit is Gerard van Klaveren waarnimmend boargemaster op it Waadeilân. De gemeenteried beslút úteinlik hokker twa kandidaten oft oerbliuwe en foardroegen wurde oan de kroan.

Noardeast-Fryslân

Tiisdei waard ek bekend hoefolle sollisitanten oft har melden hawwe foar de boargemastersfakatuere yn de fúzjegemeente Noardeast-Fryslân. Mei tolve belangstellenden is der foar dy fakatuere folle minder ynteresse.