Rotterdammer smyt fytsen yn Ljouwerter grêft

05 sep 2019 - 09:53

De hoarekaplysje fan Ljouwert hat in 26-jierrige Rotterdammer oanholden. Hy smiet fytsen yn de grêft oan de Nijstêd.

De Waag yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De plysje trof de fertochte oan en hold him oan fanwegen baldadigens. Doe't se him oanholden, woe er him net legitimearje en joech er in oare namme op.

Uteinlik kaam de plysje efter syn werklike identiteit.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert Nijstêd
(Advertinsje)
(Advertinsje)