Omrop TIP: Muzikaal programma Admiraliteitsdagen live te folgjen by Omrop Fryslân

05 sep 2019 - 09:42

Omrop Fryslân is dit wykein live by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. De Omrop wurket dêrby gear mei de tsientallen frijwilligers fan streekomrop RTV NOF. Op freed- en sneontejûn binne de konserten fan de Admiraliteitsdagen live te sjen op de ferskate online kanalen fan Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

Nij dit jier is dat Omrop Fryslân ek de tsjerketsjinst en it kofjekonsert fan Sela op sneintemoarn fan 10.00 oere ôf live útstjoert. Sela is ien fan de populêrste kristlike bands fan Nederlân.

Night of the Praams

Sawol it muzykprogramma op freedtejûn as op sneontejûn is live om 21.00 oere te sjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Freedtejûn stiet de Night of de Praams op it programma, mei optredens fan Jan Dulles (bekend fan de 3JS), Ellen ten Damme, Robin Slutter en in special guest.

Sneontejûn binne de optredens fan Racoon en The Dirty Daddies live te folgjen. De optredens fine plak op it kearpunt fan de Alvestêdetocht, op de Zijl middenyn it sintrum fan Dokkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)