Kollum: "God save the Queen"

"Dat Grut-Brittannië oer sân wiken de EU ferlit, is net te befetsjen. Dat komt ek omdat der best in grutte kâns is dat it hielendal net troch giet, sa as it oant no ta noch altyd net troch gien is. Mar ek om't de oanrin hystearysk en dom is. It Britske pûn stiet histoarysk leech. Mar it leveret wol spektakulêre krantestikken op.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Premier Johnson wol 'koste wat kost' dat Grut-Brittannië op 31 oktober de EU ferlit, mei deal of 'no deal'. Dat lêste is foar de measte parlemintsleden in horrorsenario, en dat wolle se net. Dizze wike rekke Johnson de konservative mearderheid kwyt yn it parlemint; ien fan 'e Tories, leden fan 'e konservative partij, stapte letterlik oer nei de Liberaal Demokraten. Johnson hat dus in grut probleem, dat hy oplosse kin troch nije ferkiezingen. Foar de bûtenwacht kin hy dat net tajaan, want dat soe te slynsks wêze, dus orkestrearret hy soks no troch ûnder oare it ynlaskjen fan ien fan de sporadyske troanredes fan 'e Queen.
Ja, it is wat yngewikkeld, mar dêrom leveret it dan ek sokke goeie krantestikken op. Bykommend probleem foar Johnson is dat nije paremintsferkiezingen net mear samar útskreaun wurde kinne. Want dêr is in twa-tredde mearderheid foar nedich yn it parlemint, sûnt in wet dy't nota bene earder premier Cameron yn 2011 ynfierd hat. It wurd 'clusterfuck' is hjir op syn plak.
Oh, David Cameron. Dêr begûn dizze soap mei. Konservatyf Cameron waard premier yn 2010 en de Tories beloofden doe al dat der in referindum komme soe oer it EU-lidmaatskip. Twa jier earder wie nammentlik it ferdrach fan Lissabon tekene, dat ding dat de Europeeske Grûnwet ferfong, en dat de EU sterker makke. Sa kaam der doe in foarsitter fan de Europeeske Ried, in soarte fan minister fan Bûtenlânske Saken, de Europeeske bank waard in offisjele ynstelling ensafuorthinne. Ek kaam der de opsje om út te treden.
Cameron woe yn 'e EU bliuwe, en dat beloofde referindum kaam der net. Dat late der dus ta dat de parlemintsferkiezingen yn Grut-Brittannië yn 2015 op skerp kamen te stean. Syn partij wûn mei in grutte mearderheid, en doe moast hy syn domme, domme belofte wol neikomme. Noch dommer wie dat hy, en hast elk oar parlemintslid, tocht dat it wol goed komme soe. Mei in 'remain'.
Dat referindum wie der yn juny 2016, en in pear oeren neidat de útslach bekend wie, makke Cameron bekend dat hy opstapte as premier. Syn lân en syn parlemint yn gruzeleminten efterlittend, om't der troch beropsfolksmenner Nigel Farrage en de flambojante mar ynhâldlik net al sterke boargemaster fan Londen, Boris Johnson, al kampanje fierd wie. Foar 'leave'. Mei falske beloften oer sa'n bytsje alles, hawwe sy dy rare Britten as in rottefanger fan Hamelen oer de 'cliffs' fan Dover jage.
Sjoch, Hans Wiegel hat hjir altyd skerp steld wat hy tinkt oer referinda: 'de bijl aan de wortel van de democratie'. En hy hat gelyk. Yn ús demokratyske oardering is it parlemint it heechste ynstitút, en it parlemint wurdt keazen troch it folk. Sûnder parlemintêre mearderheid kin in regearing hielendal neat. As de útkomst fan in referindum oars is as wat in mearderheid fan in parlemint wol, dan hingest. Hielendal yn in lân dat net allinnich gjin Europeeske grûnwet wol, mar der überhaupt net ien hat. Dan kinst letterlik hielendal neat mear. Of alles. We hawwe dat yn Nederlân ek sjoen mei dy pear referinda dy't we hjir hân ha.
As we hjir moarn in referindum ha oer oft elkenien yn Nederlân in miljoen euro kriget, dan wurdt dat in JA. Om't it krúske dat we by de 'ja' sette dan stiet foar it krijen fan in miljoen euro. As we hjir moarn parlemintsferkiezingen ha en der is in partij dy't seit dat se in miljoen oan elkenien jaan wolle, dan wurdt dat neat. Om't de reade stip by sa'n partij dan stiet foar miljarden útjaan. It giet oer itselde miljoen, mar it is in wrâld fan ferskil. It parlemint is in binende en rêstjouwende faktor fan alle ynwenners, en we litte ús net yn gaos stoarte.
Dit is krekt wat der no yn Grut-Brittannië bart. En we meie ús op ús bleate knibbeltsjes tankje dat it dêr bart, en net oan dizze kant fan it wetter. Lês de kranten mar. En God save the Queen."