Direkteur Fryske Akademy: "Provinsje moat de regy nimme"

05 sep 2019 - 08:03

"Alle arguminten stean no op in rychje. It is oan Deputearre Steaten en dan oan Provinsjale Steaten om no besluten te nimmen." Dat seit ynterim-direkteur Willem Smink fan de Fryske Akademy.

Foto: Google Maps

Hy reagearret dêrmei op in rapport fan de taskforce, dy't woansdei konkludearre dat de provinsje fiif ton útlûke moat om de Fryske Akademy te rêden. De organisaasje hat op dit stuit in struktureel tekoart fan 350.000 euro yn it jier.

"De Akademy hat de ôfrûne jierren te meitsjen hân mei in ferleging fan it budzjet", neffens Smink. "Yn totaal giet it om ûngefear sân ton. Dat hat as gefolch dat de Akademy te min spylromte hat om nije inisjativen te ûntwikkeljen. Der wurdt wol besocht om gearwurking te sykjen, mar dat kin noch folle better."

"Provinsje moat regy nimme"

Neffens de ynterim-direkteur is it wichtich dat de ûntwikkelingen provinsjewiid droegen wurde. "We moatte as wittenskiplike ynstellingen sjen hoe't wy syn allen it ferhaal fan Fryslân fertelle. De provinsje moat dêr de rezjy yn nimme, dat stiet ek yn de oanbefellings. Ik kin my hiel goed foarstelle dat wy dan folle mear gearwurkje moatte mei de Campus Fryslân."

Om dy gearwurking fan de grûn te krijen is jild nedich. Smink: "Oars kin de Akademy net op wittenskiplik nivo it wurk dwaan dat fan har ferwachte wurdt. Alle arguminten stean op in rychje. It is no oan Deputearre Steaten en dan oan Provinsjale Steaten om besluten te nimmen. As wy sa trochgean, binne wy yn in pear jier troch ús fermogen hinne."

Ynterim-direkteur Willem Smink fan de Fryske Akademy

(advertinsje)
(advertinsje)