Nasjonale ynteresse foar luchtige en Fryske kampanje biodiversiteit

05 sep 2019 - 07:34

Ferskate Fryske organisaasjes en gemeenten lansearje tongersdeitemiddei in ludike kampanje om biodiversiteit by in grutter publyk ûnder de oandacht te bringen. Bioferskaat moat 'seksy' wurde, fine de belutsenen. En dat is wichtich, om't it delgean fan de biodiversiteit ek gefolgen hat foar ús deistich libben.

Foto: Wat zullen we nou beleven?

Mei de kampanje Wat zullen we nou beleven? moat it publyk dúdlik makke wurde dat sûnder biodiversiteit it deistich libben net mooglik is. Dat is nedich, sizze de organisaasjes, om't de kwaliteit en kwantiteit fan de natuer yn ús lân rap ôfnimt.

"Deistige saken"

"We wolle op in luchtigere manier it begryp biodiversiteit by it grutte publyk ûnder de oandacht bringe", fertelt Lisette Bokma fan de kampanje. "Minsken wurde der minder gefoelich foar, en just mei dizze kampanje sette wy yn op de deistige saken dy't minsken oansprekke."

Foto: Wat zullen we nou beleven?

As foarbylden wurde feilich frijen, in jierdeitaart ite en in fuotbalwedstriid besjen neamd. Sa wurde kondooms makke fan de rubberbeam, befruchtsje bijen it fruit foar de taart en wurdt it gers fan it fuotbalfjild mei mooglik makke troch reinwjirms.

Nasjonale belangstelling

De kampanje sil dit jier yn de hiele provinsje te sjen wêze. De organisaasjes hoopje dêrmei in grutte doelgroep oan te sprekken. Ek is der nasjonale belangstelling, fan it lanlik Deltaplan Biodiversiteit. Mooglik wurdt de kampanje takom jier dan ek lanlik ferspraat.

Lisette Bokma fan de kampanje

(Advertinsje)
(Advertinsje)