Skûtsje Hendrika yntusken ferankere op Drachtster rotonde

05 sep 2019 - 06:39

It histoaryske skûtsje Hendrika leit sûnt woansdeitejûn midden op de rotonde oan de Noarderhegewei en Nijtap, yn it noardeasten fan Drachten.

Foto: Srfotografie

Tongersdeitemiddei wurdt it skûtsje feestlik iepene, mar om't it praktysker wie waard it skip woansdeitejûn al ferpleatst. Oan de ein fan de jûn lei it Drachtster skûtsje op syn plak op de fernijde 'turborotonde'.

Skûtsjehistoarje

Mei it skûtsje wol de gemeente Smellingerlân de Drachtster skûtsjehistoarje betinke. Tolve eigeners fan skûtsjes dy't harren ferbûn fiele mei Drachten, wolle dat Drachten it skûtsjeplak fan Fryslân wurdt.

Trefwurden: 
Drachten skûtsje
(Advertinsje)
(Advertinsje)