Nij mobyl oefensintrum brânwacht: konteners by Burgum

05 sep 2019 - 09:14

Fryske brânwachtlju kinne sûnt koart oefenje yn in tydlike mobyl oefensintrum. Op it parkearterrein fan de Burgumer elektrisiteitssintrale stean konteners opsteld dy't brûkt wurde as oefenlokaasje foar de brânwacht yn Noardeast-Fryslân.

brânwacht oefenet meastentiids yn it opliedingssintrum yn Súdbroek yn Grinslân, mar dat is foar de measte korpsen dochs in ein riden. Sa'n mobyl sintrum komt dus logistyk better út.

Yn de konteners wurde pallets yn de brân set. De brânwachtlju kinne dan mei spesjale pakken en parselucht oefenje yn de hjitte. De brânwacht kriget benammen les yn it brûken fan it saneamde "One Seven" druklucDehtskom, dat yn stee fan wetter brûkt wurde kin by it bestriden fan brân.

Der is gjin brângefaar foar de omjouwing, want de waarmte bliuwt yn de konteners. Der sil yn Burgum noch oant mids novimber oefene wurde troch in grut ferskaat oan korpsen.

Ferslachjouwer Willem de Vries

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
Trefwurden: 
brânwacht oefening
(Advertinsje)
(Advertinsje)