Frou fermist nei Psy-Fi-festival, foar it lêst sjoen yn Bilgaard

04 sep 2019 - 22:31

De plysje siket nei Claudine Davina Ernstzen. De 36-jierrige frou soe snein thúskomme fan it Psy-Fi-festival, mar is dêr nea oankaam.

Foto: Omrop Fryslân

De frou hat in Aziatysk uterlik en in keale holle. Sy hat in giel, brún en readbûnte jurk mei spagettybantsjes oan. Se is foar it lêst sjoen op strjitte De Kei yn de Ljouwerter wyk Bilgaard.

De plysje freget minsken dy't ynformaasje ha oer de fermissing kontakt op te nimmen op 0800-0607.

Trefwurden: 
Ljouwert fermissing Psy-Fi
(Advertinsje)
(Advertinsje)