Fan stoart nei enerzjycampus: stoartbult Skinkeskâns is sintrum foar duorsumens

Neist de dairycampus en de wettercampus hat Fryslân der no wer in nije campus by krigen: in enerzjycampus. It gebou is boud boppe-op in âlde stoart oan de Skinkeskâns oan de westkant fan Ljouwert. It waard woansdei feestlik iepene.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Yn it enerzjykennissintrum besykje se antwurden te krijen op fragen lykas: hoe kinne jo no nije huzen bouwe sûnder in soad ôffal te produsearjen? En hoe kinne jo dy huzen ferwaarmje sûnder der miljeuskea ûntstiet of dat der in protte CO2 frijkomt.
Boppe-op de heuvel dêr't it eardere stoart ûnder sit, is - nei in oanrin fan mar leafst tsien jier - de nagelnije Enerzjycampus Ljouwert iepene. Dat wurdt in plak foar advysburo's en ûndersikers op it mêd fan duorsumens.

Ald materiaal fertsjinnet in nije kâns

Want, stel, do litst in nij hûs bouwe yn Fryslân, wolst dan alles nagelnij hawwe of brûkst ek âld boumateriaal om it miljeu te sparjen? By de enerzjycampus Ljouwert fine se dat âld materiaal in nije kâns fertsjinnet. De campus wurdt in kennissintrum foar duorsume enerzjy en werbrûken fan materialen, oftewol de sirkulêre ekonomy.
Iepening nij kennissintrum enerzjy yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem de Vries

Undersikers, ûndernimmers en oerheid

Maxime Verhagen van Bouwend Nederland wie ien fan de pommeranten dy't by de iepening oanwêzich wie. Hiel moai dat in stoart fan eartiids no in sintrum is foar ferduorsuming en sirkulariteit, seit hy. Op dit plak komme de trije o's byinoar: gearwurking tusken 'onderzoekers, ondenemers en de overheid.'
Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Maxime Verhagen

Sinnepark

Douwe Faber, ien fan de oprjochters fan de enerzjycampus yn Ljouwert: "Wy kinne fan ôffal moaie dingen meitsje en dat litte wy sjen fanút it kennissintrum op de campus. Yn it gebou sitte yngenieurs, finansjele en technyske minsken, subsydzjeadviseurs, koartsein: minsken dy't de plannen betinke mei de klant. En dan wurde oan de foet fan de bult dingen útfierd. Dêr wurde plannen realisearre. Dêr wurdt boud op basis fan wat wy op de bult betinke. Ien de dingen dy't der komme, is in sinnepark."

Gas 2.0

It enerzjysintrum wurket gear mei regionaal opliedingssintrum Friese Poort. Learlingen krije praktykles yn duorsumens. Yn it gebou wurde de plannen makke en, by it gebou wurde se útfierd. Njonken de sinnegreide is der ek in projekt 'gas 2.0' om fan it gas ôf te kommen. Yn dat ramt is der ferlet fan personiel en dit sintrum spilet dêr yn de mande mei de skoalle op yn.
Ferslachjouwer Willem de Vries is by de iepening fan de enerzjycampus yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Sneon is der iepen hûs en dan kinne minsken mei eigen eagen sjen wat der allegearre op en by de bult oan aktiviteiten plakfine.