Plan foar 'fergese' sinnepanielen

11 nov 2011 - 19:05
Sinnepanielen - Foto: ANP XTRA

In Frysk bedriuw wol sûnder alle gedoch fan subsydzjes dochs sinnepanielen leverje oan partikulieren. It giet om in plan fan de Energiewacht Groep. Foar deselde kosten dy't je oars yn 10 oant 12 jier kwyt binne oan gewoane stroom, wolle sy de sinnepanielen ynstallearje.

De subsydzjepotsjes binne faak al gau leech, omdat de fraach sa grut is. Kommersjeel manager Wim de Vries seit dat plan sa goed as rûn is. Op dit stuit wurdt noch útsocht oft it plan écht helber is. De Energiewacht Groep hopet oars takom jier maart al de earste panielen te ynstallearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)