Follybalfroulju mei Marrit Jasper ferlieze kwartfinale EK

De froulju fan it Nederlânske follybalteam hawwe yn de kwartfinale fan it Europeesk kampioenskip ferlern fan Turkije. Yn Ankara waard it 3-0.
Marrit Jasper yn aksje by in oare wedstriid © Orange Pictures
Nederlân kaam earst op foarsprong, mar ferlear de earste set úteinlik mei 25-20. De twadde set gong hinne en wer. De twa teams kamen lyk op 21-21, mar de set gong mei 25-22 opnij nei de Turkske froulju. Marrit Jasper foel yn beide sets yn, mar koe gjin potten brekke.
Yn de tredde set wikselen de twa teams de foarsprong lang ôf, mar Turkije wie wer it sterkst: 25-20.

Ferrassing

It ferlies komt as in ferrassing, want Nederlân stiet fiif plakken heger op de wrâldranglist en ferlear it hiele toernoai noch gjin set. Ek pakte Nederlân de ôfrûne twa EK's it sulver.