Aksje tsjin thúskappers yn Harns: "It is gewoan ûnearlike konkurrinsje"

04 sep 2019 - 21:26

De groei fan it tal thúskappers yn Harns liedt ta ûnearlike konkurrinsje. Dat stelle de kapperssaken yn de stêd. Sy wolle aksje fan de gemeente, dy't neffens harren de bestimmingsplannen te min kontrolearret.

Tsjin it bestimmingsplan

"It giet ús er foaral om dat minsken net samar oan hûs in kapperssaak begjinne kinne, sûnder dat de bestimmingsplannen dêrop oanpast binne," fertelt Piet Faber út namme fan de kappers yn Harns. "Dat is no wol it gefal. Hjir yn Harns hawwe minsken gjin oanfraach foar't se in saak begûnen, mar se hawwe dat wol dien. Sy sitte der dan dus yllegaal."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Konkurrinsjefoardiel

Foar de kapperssaken yn Harns is it pynlik, fynt Faber. "It is echt in konkurrinsjefoardiel foar de kappers oan hûs. Sy falle net ûnder tafersjoch fan de gemeente en hoege harren net oan regels te hâlden. Ek hawwe sy gjin personiel en hiere se gjin saak ôf, want se kinne gewoan de garaazje ombouwe ta in saakje. Se meitsje harren bekend op Facebook en yn de lokale kranten en sa helje se klanten binnen. Dat is foar ús net earlik. Elkenien mei in saak begjinne, as it mar yn it bestimmingsplan stiet en dat is faak no net sa. Dat moat ophâlde."

Eltsenien kin har garage ombouwe ta in saak, dat moat ophâlde.

Piet Faber, wurdfierder kappers Harns

Faber (Harns) en Jager oer de thúskappers

Eltsenien is kapper

In grut probleem fan de kapperssaken, is ek dat ien gjin diploma hoecht te hawwen om de kapper te wurden. "Nee, ik kan u vertellen dat iedereen kapper is," begjint Harrie Jager fan de Algemene Nederlandse Kappersorganisatie syn ferhaal.

De ANKO stiet Faber-en-dy by yn de striid tsjin de thúskappers. "Tot 2000 was het nodig om een diploma te hebben, wilde je een zaak beginnen of jezelf kapper noemen. Nu is gewoon iedereen kapper, omdat het geen beschermd beroep meer is. Op deze manier krijg je problemen met de controle en handhaving. Dat zien we nu ook in Harlingen."

Iedereen mag zich kapper noemen, zonder dat er een diploma voor nodig is.

Harrie Jager, ANKO

Fierder as konkurrinsje

Neffens de ANKO soarget it tal thúskappers net allinnich foar problemen yn de brânsj sels, mar ek dêromhinne. "Voor de leefbaarheid van stadscentra zoals hier in Harlingen heeft het ook vergaande invloed. Thuiskappers nemen zelf klanten mee, maar vullen geen panden. Daardoor komen die leeg te staan en neemt de leefbaarheid af. Ook willen mensen na het bezoek aan een kapper misschien nog wel naar een café of de stad in. Dat gebeurt ook niet meer. Dan wordt het wel erg stil in Harlingen."

Trefwurden: 
Harns konkurrinsje kappers
(Advertinsje)
(Advertinsje)