"Fryske brêgen dy't op ôfstân betsjinne wurde binne feilich"

Brêgen yn Fryslân dy't op ôfstân betsjinne wurde, binne feilich. Der is goede kontrôle en de kamera's jouwe in goed byld fan wat op de brêge bart. Dat seit Remco Wahle. Hy is teamlieder brêgen en slûzen fan de provinsje Fryslân. Hy reagearret dêrmei op in rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid nei twa ûngemakken by op ôfstânbetsjinbere brêgen yn Zaandam. Dêrby kaam ien frou om it libben en rekke in stel slim ferwûne.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn Fryslân wurdt de betsjinning fan in soad brêge sintraal oanstjoerd. Yn Ljouwert wurdt op it stuit wurke oan de bou fan in nije betsjinningssintrale. Yn de takomst wurde dêrwei fjirtich brêgen oanstjoerd. Op it stuit draait dêr ek al in sintrale. Dy is oanlein mei de lessen dy't lutsen binne út it earste ûngemak yn Zaandam yn 2015. Dêrby kaam in frou fan 57 om it libben.
Wahle: "We hawwe hiel goed sjoen nei wat dêr bard is en wat de oanbefellingen fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid doe wiene. Al dy maatregels en mear hawwe we trochfierd yn de wize hoe't wy de brêgen op ôfstân betsjinje."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Glêsfezel

By it ûntwerp is rekken hâlden mei de bekabeling nei de brêgen. Wahle: "Wy hawwe alle brêgen oansluten op glêsfezel. Dat hawwe wy yn in ring oanlein, sadat as der ien in kabel stikkenmakket wy dochs byld hâlde op de brêge. Op dy kabel binne allinnich de brêgen oansluten en neat oars. Dus gjin losse ynternetferbining. Dat hawwe wy dien om hacks foar te kommen."
Der is ek sjoen nei de kamerastânpunten. Sa binne de kamera's sa pleatst dat de brêgewipper op ôfstân altyd in goed byld hat fan wat op de brêge bart. Om ôflieding foar te kommen is it foar ien persoan ek net mooglik om twa brêge tagelyk te betsjinjen. Wahle: "Dat kin allinnich om en om." Mobile tillefoans binne ek net tastean op it wurk. Allinnich as jo berikber wêze moatte, meie je de tillefoan yn de bûse hawwe.

Ynsidinten

De brêgen dy't fan ôfstân betsjinne wurde troch de provinsjale brêgewippers komme net foar yn it oersjoch fan ynsidinten. Wahle is dêr grutsk op. Dochs betsjut dat net dat der gjin ynsidinten binne: "It komt geregeld foar dat minsken troch it reade ljocht ride. Dat giet ek wolris mis. Dan ride se in boom oan stront."
It kostet de provinsje tusken de seis en njoggen slachbomen op jierbasis. Dochs is dat net mear as 30 jier ferline, doe't alle brêgen noch yn it hokje betsjinne waarden, seit Wahle. Undersyk fan de eigen ôfdieling behear fan de provinsje hat sjen litten dat der no likefolle ynsidinten binne as doe.
By de betsjinning fan de brêgen wurdt ek al wol rekken hâlden mei minsken dy't stadich rinne. Sa slút earst de boom yn de oanrydrjochting en pas dêrnei dy op de oare kant. Wahle: "Minsken kinne skrikke as yn ien kear de brêge iepengiet. Dêrom earst de slachboom efter har, dêrnei as se der trochhinne binne, dy oan de oare kant. En de brêge mei allinnich iepen as it dek frij is."

Wetjouwing

Yn it rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid stiet de oanbefelling dat der dúdlike wetjouwing komme moat. Wahle: "Dat soe miskien goed wêze. Mar it probleem is allinnich dat de situaasje by guon brêgen dochs oars is. Fergelykje ris de brêge yn it PM-kanaal mei ien yn de turfrûte. Dat is in grut ferskil."
Yn Ljouwert wurdt no hurd wurke oan de bou fan de nije betsjinningssintrale. Dy moat yn july 2021 klear wêze. Fjirtich brêgen wurde dan út dat gebou wei betsjinne. Der is dan noch romte foar noch tsien.