Kin in telefoan 20 km op in ridende auto lizze sûnder derôf te fallen?

Kin in mobile telefoan tweintich kilometer op in ridende auto lizze, sûnder derôf te fallen? It antwurd op dy fraach is ja, sa docht bliken út it bysûndere ferhaal fan frachtweinsjauffeur Robert van der Wal út Drachten. Hy ferlear syn telefoan sneon yn Roderesch, by Roden yn Drinte.
Mobile telefoan © Shutterstock.com
Dat barde doe't er in frou út Veendam de wei wize soe. Dêrby hat er nei alle gedachten syn telefoan op har auto dellein. Doe't se by de stopljochten yn Peize stie, bedarre it tastel op har motorkap. Sy hie op dat stuit gjin idee wêr't it tastel weikaam of fan wa't dy wie. Sy skeakele moandei de regionale omrop RTV Noord yn. Dy publisearre in berjocht op de eigen site.

"Dat kin net"

Van der Wal reagearre op dat berjocht en lei opnij kontakt mei de frou út Veendam. Sy reagearre fol fernuvering: "Dat kan gewoon niet", wie har earste reaksje. "Ik ben daarna naar Leek gereden. Mijn auto heeft daar nog een uurtje op een volle parkeerplaats gestaan en toen ben ik terug via Roden naar Peize gereden. Pas daar bij de stoplichten viel het ding op mijn motorkap. Het kan toch niet dat die telefoon na al die kilometers en uren op het dak heeft gelegen."
RTV Noord hat beide persoanen mei-inoar yn kontakt brocht. De Drachtster sjauffeur stie tiisdeitejûn by har foar de doar mei in grut bosk blommen. "We hebben de telefoon aan de lader gedaan en hij deed het meteen. En het was zijn telefoon. Ik heb nog nooit iemand zo gelukkig gezien", sei de frou út Veendam.

Foto's

It meast wiis wie Robert van der Wal neffens RTV Noord dat er syn foto's werom hie, want der stiene ûnder oare foto's op fan in jonge ekster dy't er sels grutbrocht hie. Hy koe syn telefoan net mear fine doe't er werom wie yn Drachten. Hy hat himsels ferskate kearen belle, mar de batterij wie leech. Wiis wurden nei it foarfal, sil er no gau in backup meitsje fan de foto's.