Eaststellingwerf posityf oer nije gearwurking mei Caparis

Der is breed draachflak yn polityk Eaststellingwerf foar in nije foarm fan gearwurking mei de sosjale wurkfoarsjenning Caparis. De gemeenten krije in direktere relaasje mei Caparis.
Caparis © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn totaal wurken acht gemeenten gear mei Caparis. As fiif dêrfan foar in nije foarm fan gearwurking stimme, dan giet dat op 1 jannewaris yn. "Het moet dus nog wel allemaal geregeld worden", seit wethâlder Marcel Bos.
Fjouwer fan de acht gemeenten wolle net mear mei-eigener wêze fan Caparis. Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en beide Stellingwerven sette harren oandielen te keap en beëinigje dêrmei harren eigenerskip fan Caparis NV. Dy oandielen wurde nei alle gedachten oerkocht troch de oare fjouwer gemeenten; Hearrenfean, Ljouwert, Opsterlân en Smellingerlân.
Winst of tekoart oer 2019 komt dan ek foar de rekken fan dy fjouwer oandielhâlders. De oare fjouwer gemeenten, dy't dus gjin mei-eigener mear binne, gean tsjin betelling wol troch mei it ôfnimmen fan tsjinsten by Caparis.
De belutsen minsken dy't by Caparis wurkje, moatte fan de feroaring sa min mooglik fernimme. Sy sitte al genôch yn ûnwissichheid, seit Bos. "Er is al veel jaren onrust over de toekomst van Caparis. We bieden ze nu voor vijf jaar duidelijkheid en zekerheid."