Hearrenfean spilet lyk yn besletten oefenwedstriid tsjin Vitesse

04 sep 2019 - 17:57

Sportklup Hearrenfean hat woansdei yn in besletten oefenwedstriid mei 1-1 lykspile tsjin Vitesse. Joey Veerman makke mei in skot fan ôfstân syn earste goal foar SC Hearrenfean.

Foto: SC Hearrenfean

De oefenwedstriid waard spile op it trainingssintrum fan Vitesse yn Papendal. By rêst wie de stân 0-0. Hearrenfean kaam yn de 52ste minút op 1-0 troch in knap skot fan Veerman. Tsien minuten letter kopte Ozgur Aktas de lykmakker binnen út in corner.

Penalty mis

Hearrenfean hie de wedstriid winnend ôfslute kinnen, mar Chidera Ejuke miste in penalty. De penalty waard fersierd troch Alen Halilovic. De 23-jierrige Kroäat makke nei rêst syn debút foar Hearrenfean.

By Hearrenfean stie Rein Smit de earste helte yn de spits. Smit is 18 jier en spilet sûnt syn trettjinde foar Hearrenfean. Hy kaam doe oer fan ADO '20 út Heemskerk. De twadde helte spile Ejuke yn de spits.

Opstelling Hearrenfean: Hahn (Doornbusch), Van Rhijn, Hoegh, Skovgaard, Woudenberg, Faik (Hajal), Veerman, Bruijn (Akujobi) Frederiksen, Rein Smit (Halilovic) en Ejuke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)