Princessehof: keramyk út skipswrakken fertelt ferhaal oer ynternasjonale hannel

Objekten fan keramyk út skipswrakken litte it ferhaal sjen fan de ûntwikkeling fan de ynternasjonale hannel. Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert bringt de útstalling: Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute.
Gezonken Schatten
Omdat keramyk lang bewarre bliuwt, is it mooglik om in tentoanstelling te meitsjen fan skatten út sonken skippen fan lang lyn. It keramykmuseum wol mei de útstalling ferhalen fertelle achter de objekten en fan de hannelsrûte fan en nei Sina. En dat giet werom oant de lading fan in 8e iuwsk skipswrak.
As skatgravers mar wat oanmodderje, gean de ferhalen ferlern. Yn it museum is ek omtinken foar ferantwurde ûnderwetterarcheology. De opgraving fan VOC-skip de Rooswijk yn 2018 wie dêr in foarbyld fan.
Kopke út it Arabyske skip Tang, sonken yn 1830 © Omrop Fryslân
Objekten fan yn totaal acht skipswrakken litte it ferhaal sjen fan de ûntwikkeling fan de ynternasjonale hannel. Oer de hebberichheid fan de VOC, dy't se djoer bekeapje moasten. En oer oare drama's, want it giet om sonken skippen. Bygelyks it Sineeske skip Tek Sing, dat fergie yn 1822 mei 1600 yllegale flechtlingen.
Hûnderten stikken hat it keramykmuseum yn brûklien krigen fan musea yn Koreä, Singapore, Amsterdam en Parys.
Kanon fan VOC-skip, dat brûkt waard om in Portugeesk skip te feroverjen en letter sels sonken is. © Omrop Fryslân
De tentoanstelling is te sjen fan sneon ôf oant en mei 28 juny takom jier.