Icederby yn Thialf giet sneon net troch: te min riders

04 sep 2019 - 17:17

De Icederby fan sneon yn Thialf giet net troch. De organisaasje hat de wedstriid annulearre, omdat der te min langebaanriders by wêze kinne. Hast alle riders binne op dit stuit op trainingskamp yn it bûtenlân.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De wedstriid fan sneon soe earst in kwalifikaasjemomint wurde foar de wedstriden yn it wykein fan 20 oant en mei 22 maart. Yn dizze heale finale soene se harren dan pleatse foar de finale. De ISU, it ynternasjonale reedrydbûn, woe lykwols dat der earst in testevent organisearre wurdt. Dat woene se sneon dwaan.

Mear tiid nedich

Neffens de direkteur fan Icederby Europe is der mear tiid nedich om in goeie testwedstriid te regeljen. "Gezamenlijk zijn we tot de conclusie gekomen dat we voor een realistische test meer tijd nodig hebben om deze goed uit te werken en daarna conclusies te kunnen trekken. We zijn met de ISU inhoudelijk in gesprek over de voorwaarden en met Thialf bespreken we momenteel een nieuwe datum voor de test. We zullen daarover nader berichten."

De Icederby is in inisjatyf om de langebaan -en shorttrack by elkoar te bringen. It is in wedstriid op in baan fan 220 meter. In langebaan is 400 meter en in shorttrack is 111,11 meter. Sân riders komme tagelyk yn de baan en ride wedstriden fan 3, 5 of 7 rûntsjes.

Trefwurden: 
reedriden Thialf icederby
(Advertinsje)
(Advertinsje)