Heger berop A7-blokkade begjint mei ferhoar Jenny Douwes

04 sep 2019 - 16:56

De behanneling fan it heger berop yn de A7-blokkadesaak begjint op 24 septimber mei it ferhoar fan Jenny Douwes. De data fan it heger berop wiene al earder bekend makke, it presize skema noch net.

Jenny Douwes - Foto: Kappers Media

Nei't Douwes op tiisdei 24 septimber heard is, wurde letter dyselde dei fjouwer oare fertochten heard. Op de woansdei wurde de saken fan alle kliïnten behannele. De beneidielde partijen kinne woansdeitemiddei harren ferhaal dwaan.

It Iepenbier Ministearje komt op tongersdei 26 septimber mei de eask en de ûnderbouwing dêrfan. Gewoanwei wurde der trije dagen brûkt foar it heger berop. Freed 27 septimber is in saneamde 'útrindei'.

Utspraak ein oktober

It hôf docht nei alle gedachten op tongersdei 31 oktober útspraak yn alle saken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)