Fertochten ynbraak Arum oanhâlden nei Burgernet-aksje

De plysje hat twa fertochten oanhâlden nei in ynbraak yn in hûs oan de Allengaweg yn Arum. De fertochten naaiden út doe't se trappearre waarden. Nei in tip fan immen dy't it berjocht oer dizze ynbraak op Burgernet seach, koenen de fertochten dochs oanhâlden wurde.
Plysje logo © Omrop Fryslân
De earste fertochte waard al rap pakt. De twadde flechte fia in sleat, mar troch de ynset fan de plysjehelikopter en plysjehûnen koe ek dizze fertochte oanhâlden wurde. De manlju binne 25 en 49 jier âld en hawwe gjin fêst wen- of ferbliuwsplak.
Yn it Burgernet-berjocht stie dat de fertochten Dútsk mei elkoar sprutsen. De plysje wol lykwols neat kwyt oer de nasjonaliteit fan de fertochten.