Jubileum foar tropyske kassen Beetstersweach, mar noed oer takomst

04 sep 2019 - 16:12

De tropyske kassen yn Beetstersweach bestean 150 jier. De kassen binne histoarysk erfgoed. Eartiids wie it in grutte tún foar de elite fan Beetstersweach, mar tsjintwurdich is it in iepenbiere tún, dy't faak de doarren iepen hat foar alderhande besikers. De jierdei fan de kas wurdt fierd op 14 en 15 septimber.

Trochdat it focht en de waarmte it hout yn de tropyske kas oantaast hawwe, binne der grutte soargen oer de takomst fan de kas. Der is jild nedich foar in grutte renovaasje. Sa wolle se graach in nij dak hawwe foar de kas en oar glês. Allinnich dan kin it histoarysk erfgoed goed bliuwe.

"Kas leech"

"Sûnder jild is de kas op in gegeven momint leech", seit Alice van Binsbergen fan de Tropyske Kassen. It jild moat ûnder oare fertsjinne wurde mei de ferkeap fan blombollen en marmelade fan de sinesapels.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Jonkhear Jan Anne Lycklama à Nijeholt wie yn 1835 eigener fan it plak dat minsken no kenne as it Lycklamahûs. Oan de foar- en efterkant waard in tún oanlein.

Efter yn de tún fan it Lycklamahûs stiet it histoaryske kassekompleks. Dêr binne de tropyske kas mei in grutte samling tropyske planten te sjen. Sa stiet der ûnder oare in bananeplant. Bûten stean in soad blommetúnrânen mei blommen.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)