Tekoarten yn Súdwest-Fryslân kinne oprinne ta 10 miljoen

De gemeente Súdwest-Fryslân hâldt rekken mei in tekoart dat dit jier noch oprinne kin oant tsien miljoen euro. Dat komt trochdat de jeugdsoarch hieltyd djoerder wurdt. It is in struktureel probleem, dus ek de kommende jierren moat der besunige wurde. Neffens de gemeente binne der stevige maatregelen nedich om it tekoart oan te pakken.
© Pexels.com
De tekoarten wurde dit jier oanfolle út de algemiene reserves. Fierders wurde in tal wurksumheden trochskood nei takom jier. Mar it kin sa net trochgean, seit wethâlder Offinga. Dêrom binne foar it jier 2020 en dêrnei stevige maatregels needsaaklik. Dat kin fertraging oant skrassen fan projekten wêze.

Legere ryksbydrage

Wat ek foar tekoarten soarget, is dat de gemeente in legere útkearing fan it ryk út it gemeentefûns kriget. Der binne mear gemeente dy't dêr lêst fan hawwe en dêr is ek al tsjin protestearre. Der binne mear as ien kear sinjalen nei de ryksoerheid stjoerd, seit Offinga. Hy hopet dat oer twa wiken by de behanneling fan de Miljoenenota op Prinsjesdag better nijs komt foar de gemeenten.
Wethâlder Maarten Offinga: "We zagen het al aankomen"