It tal kappers yn Fryslân groeit, en rap ek

It tal kapperssaken yn Fryslân groeit rap. Yn de gemeenten Amelân, Achtkarspelen en Dantumadiel binne yn de ôfrûne fiif jier tritich persint mear kappers kommen. Dat docht bliken út sifers fan de Kamer van Koophandel, dy't Omrop Fryslân opfrege hat.
It tal kappers yn Fryslân groeit, en rap ek
Yn de rest fan de gemeenten leit de groei fan it tal kappers leger: tusken de tsien en tweintich prosint. Dat betsjut net dat dy kappers gjin lêst hawwe fan de gefolgen. In konkurrinsjestriid foar klanten, meiwurkers oan it wurk hâlde en de priis foar in knipbeurt: de hjoeddeistige kapper hat it swier.
© Omrop Fryslân

Tal kappers groeid

Yn hast alle Fryske gemeenten is it tal kappers groeid, sa't yn ûndersteande grafyk te sjen is. Benammen yn Ljouwert groeit it tal saken hurd, mei 29 saken yn de lêste fiif jier. Op de eilannen wurdt de groei it minste fernaam: op Skylge en Skiermûntseach naam it tal saken ôf, mar op It Amelân groeide it oanbod fan kappers mei trije.
Kanttekening by de grafyk. Guon Fryske gemeente binne fusearre yn 2019 en bestiene in 2014 noch net, wêrtroch dizze noch net op de kaart stean. Omrop Fryslân hat begjin 2019 oanhâlden, om it oersichtlik te hâlden. © Omrop Fryslân
De groei fan it tal kappers is foaral te ferklearjen yn it feit dat er gjin diploma nedich is om it fak út te oefenje. "Ik kan je bij deze feliciteren, jij bent ook gewoon kapper", seit Harrie Jager fan de Algemene Nederlandse Kappers Organisatie. "Sinds 2001 hoef je geen diploma meer te hebben om jezelf kapper te noemen. Toen waren er ook nog eens twee diploma's nodig om een eigen zaak te beginnen. Deze regels zijn weggevallen door nieuwe beleidsvoering."

Eigen saak

De ANKO makket him drok oer it feit dat it tal kappers groeit, mar wit ek dat elkenien it rjocht hat in eigen saak te begjinnen. "Iedereen mag gewoon een eigen zaak beginnen, maar er moet geen overschot aan zaken komen. Dat zorgt voor een strijd om klanten en personeel en is zodoende niet wenselijk voor de branche. Dat overschot komt nu zo langzamerhand wel in zicht."
Ik kan je bij deze feliciteren, jij bent ook gewoon kapper. Je hebt geen diploma nodig.
Harrie Jager, Algemene Nederlandse Kappers Organisatie
Mar de groei sit net allinnich yn de renommearre saken mei personiel. Ek it tal thúskappers groeit hurd in Fryslân. Om't folle kappers eigen fêste klanten ha en net registrearre stean, is it dreech om hjir in goed byld fan te krijen.
"Maar we kennen allemaal de kapper die een klein zaakje in de garage heeft of bij mensen thuis op bezoek gaat", fertelt Jager. "Deze zijn actief in kleinere kringen, maar hebben een grote invloed op de rest van de branche. Ze nemen klanten mee en kunnen voor lagere prijzen knippen, want ze hebben geen huur of personeel."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Nynke Bruinsma hat in eigen saak yn Dronryp. Sy dielt de soargen fan de ANKO, mar fynt ek dat elkenien it rjocht hat om in eigen saak te begjinnen. "Of it ûnearlike konkurrinsje foar de grutte saken is, wit ik net. Ik fyn ek datst dyn eigen saak iepenje meist."
Dan giet dit moaie ambacht ek ferlern, en dat wol gjinien.
Nynke Bruinsma fan Dronryp
Nettsjinsteande it feit dat sy in eigen saak begûn is, begrypt sy de problemen yn de brânsj ek. "Ik fyn wol dat er kontrôle wêze moat, want elkenien kin no samar mei in skjirre de strjitte op rinne en begjinnen te knippen. Dat giet my ek te fier, want dan giet dit moaie ambacht ek ferlern. En dat wol gjinien."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Nynke fernimt ek dat it tal saken groeit. "Mar dat is eins net sa frjemd, want it is in goed rjocht om wat te begjinnen," sa fertelt sy. "Mar je hawwe bygelyks ek kappers dy't graach foar in oar wurkje wolle, mar dit net kinne omdat er te min wurk is. Dan begjinst in eigen saak want je moat dochs jild op de planke ha."