Hûnderten minsken yn it spier om Skylger swalkôffal op te romjen

04 sep 2019 - 14:53

Dizze moanne komme der sânhûndert minsken nei Skylge ta om dêr it swalkôffal op te romjen. Stichting De Milieujutter is dêr tige wiis mei, mar hie suver te min ôffalgripers om oan de oprêders te jaan. Dêr kaam woansdei feroaring yn.

Foto: Omrin

De stichting krige in finansjele bydrage fan de gemeente Skylge, ôffalferwurker Omrin en stichting Nederland Schoon. Hjirfan binne nije ôffalgripers en ringen om de ôffalpûde mei iepen te hâlden kocht. It guod waard woansdei oerlange troch boargemaster Bert Wassink.

Offal sammelje

De 340 minsken dy't woansdei nei Skylge kamen om it eilân op te rêden, koenen der gelyk mei oan de slach. It ynsammele ôffal wurdt op Ecopark De Wierde op It Hearrenfean duorsum ferwurke.

Trefwurden: 
Skylge ôffal De Milieujutter
(advertinsje)
(advertinsje)