HEA! Stoffel stapt al 50 jier om yn 'e hûs
Durkje Klaver út Ljouwert wie 50 jier lyn mar wat bliid doe't har man thúskaam mei in stofsûgerdoaze. "De âlde stofsûger waard wat minder, dus dat kaam goed út." Der kaam lykwols hiel wat oars út: in skyldpod. It bistke wennet sûnt dy tiid by frou Klaver yn 'e hûs. Op it balkon hat er syn eigen plakje en oerdeis skarrelet er wat om en fret er hûnebrokjes.