"Provinsje moat fiif ton útlûke om Fryske Akademy te rêden"

De provinsje moat fiif ton útlûke om de Fryske Akademy te rêden. Dat skriuwt de taskforce dy't de provinsje sels ynsteld hat yn har advys oan de provinsje. De Fryske Akademy hat op dit stuit in struktureel tekoart fan 350.000 euro yn it jier.
"Provinsje moat fiif ton útlûke om Fryske Akademy te rêden"
Fluch yngripe is nedich om de Akademy oerein te hâlden, seit ek ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens. "Het is bij de Akademy niet vijf voor twaalf, maar twee voor twaalf." Fokkens wol dêrom sa gau mooglik in foarstel fan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de Akademy nei Provinsjale Steaten stjoere. De twa rapporten binne woansdei al nei de Steaten stjoerd.
Hoefolle oft de provinsje krekt útlûke sil foar it rêden fan de Akademy, koe frou Fokkens woansdei noch net sizze. "Wij hebben het rapport pas gisteren voor het eerst in het college besproken. We praten er volgende week verder over, maar zullen het zeker geen maanden laten liggen."

Reorganisaasje

De Fryske Akademy makke sels op de Akademydei fan ferline jier buorkundich dat it ynstitút reorganisearje wol. Direkteur Willem Smink levere hjirfoar in plan yn by de Provinsje Fryslân en by de KNAW, de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen. Deputearre Sietske Poepjes, doe noch ferantwurdlik foar de Fryske Akademy, liet ferline jier al in Gateway-ûndersyk útfiere nei de situaasje fan de Fryske Akademy.
Dat rapport is no ek iepenbier makke, tagelyk mei it advys fan it taskforce. It Gateway-rapport is ek kritysk oer it oanstjoeren fan de Fryske Akademy troch de Provinsje Fryslân. Neffens Gateway soe dat wol wat 'saakliker en profesjoneler' kinne.
Boppedat soe de provinsje in folwoeksen wittenskipsbelied op poaten sette moatte om fan dêrút de Akademy oan te stjoeren. "Die kritiek moeten we ons zeker aantrekken", seit deputearre Fokkens dêroer. "Van zaken die in het verleden niet goed zijn gegaan moeten we als provincie leren."
© Google Maps
De taskforce docht de suggestje om de Fryske Akademy gjin KNAW-ynstitút mear wêze te litten. De jildstream fan it ministearje fan ûnderwiis nei de Akademy fia de KNAW soe tenei better fia de provinsje rinne kinne.
De KNAW hat yn it ferline alris earder merkbite litten de Fryske Akademy 'gjin logysk ûnderdiel' fan de KNAW te finen. Neffens de taskforce kin de Akademy better fierder wurkje as in ynstitút dat lieard is oan de KNAW. Fokkens wol har oer dit advys noch net útlitte. "U zult begrijpen dat ik dat nog moet bespreken met onze partners in dit verhaal, maar ik kom hier zeker zo snel mogelijk op terug."
Avine Fokkens © Omrop Fryslân
Neffens it Gateway-rapport is it belang fan it fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, kultuer en skiednis dat de Fryske Akademy docht 'onomstreden'. Foar it ûntstean fan de problemen fan de lêste jierren is net allinnich de Fryske Akademy sels ferantwurdlik, mar spile ek de 'niet-zakelijke manier van samenwerken' mei de provinsje Fryslân in rol.
Gateway fynt it logysk dat de provinsje it foartou nimt by it yn gong setten fan de nedige feroaringen. Dêr't it giet om de Fryske Akademy hat de provinsje de rol as 'taalskipper' net pakt, sa skriuwt Gateway. In kwestje fan "gebrek aan leiderschap en lef", sa skriuwt Gateway. Dêr komt noch in kear by dat de ôfstimming tusken de provinsje en de KNAW oer it oanstjoeren fan de Fryske Akademy ek net goed rint.

Mear gearwurking

De taskforce dy't de provinsje advisearret fynt dat de Fryske Akademy folle mear gearwurkje moatte soe mei ynstânsjes as hegeskoalle NHL Stenden, de Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins en Tresoar. De kommisje dy't bestiet út professor Kees Hengeveld, Annemieke Galema, senator Germ Gerbrandy en Oerol-direkteur Siart Smit soe it logysk fine dat de Fryske Akademy ek ûnderwiistaken fersoarget by dy oare ynstituten.
De provinsje Fryslân kin dêrnjonken it ûndersykswurk dat de provinsje no noch yn eigen hûs docht, better oerhevelje nei de Akademy of ien fan de oare wittenskiplike ynstituten. Foar de bondeling fan alle wittenskiplike aktiviteiten op it mêd fan Fryske taal en kultuer kin de universitêre stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins it bêste ferhúzje fan Grins nei Ljouwert, sa skriuwt de kommisje yn har oanbefellings.
Deputearre Avine Fokkens oer de twa rapporten oer de Fryske Akademy