Sherida Spitse nominearre foar wrâldalvetal fan it jier

04 sep 2019 - 14:08

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits is nominearre foar it wrâldalvetal fan it jier fan de FIFPro, it ynternasjonale fakbûn foar fuotballers. De organisaasje hat yn totaal 55 fuotbalsters selektearre dy't de measte stimmen krigen ha foar de ferkiezing.

Foto: Orange Pictures

Njonken Spitse binne de Nederlânske fuotbalsters Sari van Veenendaal, Stefanie van der Gragt, Daniëlle van de Donk, Jackie Groenen, Lieke Martens en Vivianne Miedema selektearre. Moandei 23 septimber wurdt bekend hokker spylsters yn it wrâldalvetal komme.

Spitse spilet op dit stuit by Vålerenga IF yn Noarwegen.

Trefwurden: 
fuotbal Sherida Spitse
(Advertinsje)
(Advertinsje)