Plysje yn Ljouwert brûkt pepperspray by man dy't mei mes swaait

04 sep 2019 - 13:48

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 50-jierrige Ljouwerter oanholden fanwegen bedriging mei in mes.

Net de mes út it ferhaal - Foto: Omrop Fryslân

By de plysje wie in melding fan de bedriging binnenkommen fan in man op de Oldegalileën. De man moast syn mes dellizze fan de plysje, mar dat die er net. Doe hat de plysje de man 'peppersprayt'. Dêrnei ha se him oanholden.

It mes is yn beslach nommen. De man bliuwt foarearst fêst sitten.

Trefwurden: 
mes bedriging pepperspray
(Advertinsje)
(Advertinsje)