Provinsje posityf oer oanpassingen Eilân; tsjinstanners bliuwe skeptysk

04 sep 2019 - 13:42

De provinsje is posityf oer de oanpassingen dy't de organisaasje fan it festival Eilân op Skylge dien hat. Dat docht bliken út in ferklearring fan deputearre Douwe Hoogland. De provinsje fynt it ferpleatsen fan in poadium út de bosk by de mar fan Hee in 'positive ûntwikkeling'. Neffens in wurdfierder wurdt it natoergebiet by de mar op dizze wize ûntsjoen.

It festival wol takom wike tongersdei úteinsette, mar koe noch net begjinne mei de opbou fanwegen in útspraak fan de rjochter yn Grins. Der wiene flaters makke by it ôfjaan fan de fergunning. Omwenners binne tsjin it festival om't se benaud binne foar skea oan de natoer op it eilân.

Slach om de earm

Hoewol't de provinsje de plannen fan de organisaasje in positive ûntwikkeling fynt, hâlde se noch wol in slach om de earm. "De gemeente sil de provinsje nammentlik earst noch wol in ekologysk ûndersyk oer de nije lokaasje jaan moatte om te beoardieljen. Soarchfâldichheid bliuwt wichtich. De provinsje hat dêr fertrouwen yn en wurdearret de maatregel fan de festivalorganisaasje."

Foto: Omrop Fryslân

Poadium net mear yn natuergebiet

Ien poadium soe yn it Natura2000-gebiet komme westlik fan it 'Meertje van Hee'. Dat wol de organisaasje no dus op in oar plak sette. "Het is niet de insteek van ons om het hele festival naar een andere locatie te verplaatsen, enkel de activiteiten die in gevoelig gebied waren", sei organisator Daniël van Drunen. "Daarmee hopen we te voldoen aan de eisen van de gemeente en de rechter."

De nije lokaasje foar dat iene poadium wurdt in camping De Kooi, noardlik fan de mar by Hee. "We hebben er vertrouwen in dat we hiermee alle benodigde vergunningen op zeer korte termijn gaan ontvangen", seit de organisaasje.

Sneon 'deadline'

De festivalorganisaasje wol op syn lêst sneon dúdlikheid ha oer it wol of net trochgean, oars wurdt it te krap om alles noch op tiid klear te setten. "Ons team werkt dag en nacht door. We hopen op zaterdag te kunnen beginnen, als het lukt om de handen op elkaar te krijgen met de provincie en de gemeente. Wij geloven in een goede samenwerking tussen alle partijen en we houden hoop."

Beswiermakkers net akkoart

Foarsitter Henk Hees fan Stichting Ons Schellingerland is net entûsjast. "Er mag daar geen enkele activiteit plaatsvinden. Het grenst aan een Natura2000-gebied." Mei de foarstelde ferpleatsing is it festival formeel bûten it natuergebiet, mar dat jout neffens Hees net. "Er verandert heel weinig. De herrie is nog steeds aan de grens van een stiltegebied."

(Advertinsje)
(Advertinsje)