Problemen mei it rioel yn Harns binne oplost

04 sep 2019 - 13:35

De problemen mei it rioel yn Harns binne oplost. De ôfrûne nacht is der oeren lang trochwurke troch it wetterskip. Tiisdei kaam der by de Oude Trekweg troch in stikkene rioelearring wetter út it rioel oan de oerflakte. Dat stonk, en soarge foar deade fisken.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Deistich bestjoerder fan it Wetterskip Otto van der Galiën wie der ôfrûne nacht sels by, en neffens him wurket alles wer: "Der is in bypass oanlein, wêrtroch't der gjin wetter mear fuort rint. It wurket wer sa as it moat."

It liket derop dat de rioelearring rekke is by it pleatsen fan damwanden. Dêr wie in boubedriuw mei dwaande om't de ynstallaasje foar de rioelwettersuvering opknapt wurde moat. "De earste prioriteit wie it herstellen fan it probleem. Dat is fannacht slagge. No gean we sjen wat de oarsaak fan it probleem wie. En dan losse we dat op."

Otto van der Galiën oer de problemen yn Harns

Van der Galiën wol net spekulearje wat der krekt fout gien is mei de rioelbuis. "Der binne natuerlik kaarten dêr't de buizen op stean yn de grûn, mar dêr sit ek wolris in foutsje yn. Asto oan it wurk bist, makkest fouten. Dan kin dit barre. It giet der no om dat de minsken der beheind lêst fan hân ha."

(advertinsje)
(advertinsje)