Ek yn Fryslân feilichheidsrisiko's mei op ôfstân betsjinbere brêgen

04 sep 2019 - 13:02

Ek yn Fryslân binne feilichheidsrisiko's mei op ôfstân betsjinbere brêgen. Dat docht bliken út in rapport dat de Onderzoeksraad voor Veiligheid woansdeitemoarn publisearre hat. Neffens it rapport docht de oerheid net genôch om ûngelokken mei op ôfstân betsjinbere brêgen foar te kommen.

De nije brêge by Burgum wurdt op ôfstân betsjinne. - Foto: Rykswettersteat

It is neffens it rapport in nasjonaal probleem. Spesifyk foar Fryslân hannelet it rapport oer risiko's wat de ict oanbelanget. Neffens it rapport binne de systemen yn ús provinsje 'hackgefoelich'. De provinsje stelt lykwols dat it giet om in systeem dat noait ynfierd is, just fanwege dy gefoelichheden. It rapport wie de oanlieding om it systeem net yn te fieren. Remco Wahle, haad brêgen en slûzen fan de provinsje, seit dat it doe gie om in betsjinningssysteem fan it ryk foar de bregen oer it Prinses Margrietkanaal.

Ek yn Fryslân binne op ôfstân betsjinbere brêgen de lêste jierren in trend. Op in soad plakken wurde de brêgen ferfongen en dan ferdwynt de brêgewipper. De brêgen wurde dan op ôfstân betsjinne, bygelyks út de sintrale yn Ljouwert wei.

Ungelokken

Mar sûnder eagen op it plak fan de brêge sels is it bytiden dreech in goeie ynskatting te meitsjen. It rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid komt nei oanlieding fan in ûngelok ferline jier op de Prins Bernhardbrêge yn Zaandam. Dêrby rekken twa minsken swier ferwûne. In pear jier dêrfoar ferstoar in 57-jierrige frou by in fergelykber ûngelok, ek yn Zaandam.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer it rapport

(advertinsje)
(advertinsje)