Berne-opfang Torteltuin kin him net fine yn claim tsjin fabrikant Stint

04 sep 2019 - 12:42

Berne-opfang de Torteltuin fan It Hearrenfean kin him net fine yn in claim tsjin de fabrikant fan de Stint. In berne-opfang út Almelo makket de gong nei de rjochter om de kosten dy't se makke ha nei it drama yn Oss te ferheljen op de makker fan it ferfiermiddel.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Neffens it Algemeen Dagblad giet it om in claim fan 70.000 euro foar kosten dy't de berneopfang makke hat om foar ferfangend ferfier te soargjen. Ek de kosten fan 3000 euro, dy't nedich binne om de Stint feiliger te meitsjen, wol de opfang fergoede ha fan de fabrikant.

Hûnderttûzen euro skea

Ek de Torteltuin hie te krijgen mei ekstra kosten. Sy hiene fiif Stints op 'e dyk. As oplossing hierde de opfang tydlik buskes. Neffens Hanny van Lune fan de Torteltuin giet it om in flink bedrach: "Ik denk al met al dat het bij ons gaat om een bedrag van zo'n honderdduizend euro. Ik heb vervangend vervoer moeten regelen, ik heb busjes aangeschaft, ik moet een loods huren waar de Stints staan."

Hanny van Lune oer de claim tsjin de fabrikant fan de Stint

Dat bedrach hat Van Lune sels opbringe moatten. Dochs sjocht se neat yn in claim tsjin de fabrikant: "Ik snap niet zo goed waarom ze die aanklacht indienen. Ik ben van mening wat valt de Stint hier te verwijten? Het is een heel bedrag, dat had ik eigenlijk gereserveerd om, na acht jaar, het gebouw flink op te knappen. Dat gaat nu even niet door."

Als alles helemaal duidelijk is, gaan wij er zeker weer mee rijden.

Hanny van Lune, berne-opfang de Torteltuin

De Stint mei aanst wer de dyk op, mar dan moat it apparaat wol oanpast wurde. Dat kostet san 3.000 euro de Stint. "Als het allemaal definitief is, gaan wij er zeker weer mee rijden. Maar ik wacht nog even af wat de uiteindelijke beslissing wordt. Elke keer zijn er weer andere berichten over wat er aangepast moet worden, en dat moet ook betaald worden. Zodra dat allemaal duidelijk is, gaan wij er weer mee de weg op."

(Advertinsje)
(Advertinsje)