Treinstasjon De Westereen oanpakt: perrons langer foar sneltrein

04 sep 2019 - 11:53

De kommende twa wiken wurdt it treinstasjon fan De Westereen oanpakt. De perrons wurde langer, sadat it mooglik wurdt om mei langere treinen te riden tusken Ljouwert en Grins.

It stasjon fan De Westereen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De measte wurksumheden binne oerdei, útsein it wykein fan 14 en 15 septimber. Dan wurdt de ferlinging echt útfierd. De wurksumheden kinne lûdsoerlêst feroarsaakje.

De Bûterwei is yn dy perioade ticht foar trochgeand ferkear. Bewenners fan de strjitte kinne harren hûs wol berikke. Oaren moatte omride.

Der komt in ekstra sneltrein tusken Grins en Ljouwert. Dat moat soargje foar in bettere berikberheid yn it noarden en koartere reistiid. Fanwegen dy ekstra sneltrein moat it spoar en guon oerwegen en stasjons oanpast wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)