Jonge (15) rydt nachts troch Ljouwert yn pake syn wein

04 sep 2019 - 11:49

In Ljouwerter fan 15 jier hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn Ljouwert omriden yn de auto fan syn pake.

Foto: Shutterstock.com

De plysje seach de jonge riden by Achter de Hoven. Hy seach der hiel jong út en dêrom ha se him steande holden. Hy hie de auto fan syn pake meinommen, mar de pake sels wie dêr net fan op de hichte.

Tsjin de jonge is proses-ferbaal opmakke. De pake hat syn pakesizzer en de auto ophelle.

Trefwurden: 
Ljouwert auto Achter de Hoven
(Advertinsje)
(Advertinsje)