Enerzjykoöperaasje wol ôf fan fergunningen sinnepanielen yn stedsgesicht

Enerzjykoöperaasje Nieuwe Energie Oranjewijk (NEO) út Ljouwert wol dat bewenners fan in hûs yn it beskerme stedsgesicht tenei gjin fergunning mear nedich hawwe foar it pleatsen fan sinnepanielen. Oan dy fergunning sitte leezjes fêst, dy't it pleatsen fan sinnepanielen neffens de koöperaasje ûnnedich djoer meitsje.
© ANP
De koöperaasje seit dat it saneamde fergunningfrij ferklearjen fan it pleatsen fan sinnepanielen derfoar soarget dat minsken net ûnnedich lang wachtsje moatte mei it pleatsen fan de panielen. Ek soe it finansjeel oantrekliker wêze om sinnepanielen te nimmen, trochdat de leezjes ôfskaft wurde.
De Oranjewijk yn Ljouwert is ien fan de acht spearpuntwyken yn it enerzjytransysjebeleid fan de provinsje Fryslân. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert hat al in moasje oannaam om it ôfskaffen fan de fergunningen te ûndersykjen. De enerzjykoöperaasje wol no dat de gemeente trochpakt, ek omdat bygelyks de gemeente Apeldoorn dat al dien hat.