Brânwacht ûntdekt himpkwekerij by brân yn wenning Peins

04 sep 2019 - 11:24

Yn in wenning oan de Meester Frankstraat yn Peins is tiisdeitejûn in himpkwekerij ûntdutsen. De brânwacht waard oproppen foar in brân yn it hûs en by it bestriden fan it fjoer kaam de kwekerij mei tsientallen planten foar it ljocht.

Foto: Srfotografie

By de brân kaam in soad reek frij, mar it fjoer wie rillegau ûnder kontrôle. De bewenner fan de wenning is troch de plysje oanhâlden. De himpplanten sille woansdei troch in spesjaal team romme wurde.

Trefwurden: 
brân himpkwekerij Peins
(advertinsje)
(advertinsje)