Kollum: "Demokrasy"

04 sep 2019 - 08:57
Foto: Omrop Fryslân

De kollum fan Eelke Lok

Redakteuren fan de Ljouwerter Krante hâlde fan festivals. Dat hinderet op himsels net sa hiel folle, want de measte stikjes yn dy krante wurde dochs skreaun troch de Grinzer kollega's fan it Deiblêd fan it Noarden. Sadat je as je nijsgjirrich binne nei Fryske saken, je de Ljouwerter alwer gau oan de kant lizze kinne. Dat de rubryk Hete Soep oer in wyklikse besite oan in restaurant sneon oer in Grinzer kroechje gie, wie my te fier oer de grins. Letterlik.

Mar oer de festivals skriuwe se alle dagen sels. Hoefolle pagina's der net bestege binne oan dat festivalgedoch, alderheislikst. Der geane minsken nei festivals, der binne lju dy't it neat skele kin oft der al of net in festival is, en der binne minsken op guon festivals tsjin. Se komme allegearre oan it wurd. Wiidweidich.

Doe tocht ik: ik wol it ek ris oer in festival ha. Ofrûne freed en sneon wie yn Nijmegen op it eilantsje Veur-Lent it demokrasyfestival. Dêr moast nedich twa dagen oer âldehoerd en songen wurde, want de demokrasy is yn gefaar. Needgjalp.

Demokrasy is letterlik 'volksheerschappij'. Ik brûk it Hollânske wurd efkes, want by ús is it dan mienskipsdiktatuer. Volksheerschappij is it trouwens ek net mear, want it folk hat dy demokrasy al lang fernield. Troch yndividualisme, net ien fynt wat in oar fynt. En troch de sosjale media, want sa kinne je eltse dei oare lju foar of tsjin je krije. Gaos.

En wat moatte je dan feroarje yn dy demokrasy? Elkenien fynt ommers dat de útkomst oars wêze moat as buorman fynt. Sa sitte we op it heden yninoar. We hiene it referindum, dan koe elk meistimme. De útkomst paste de oerheid net. Se diene neat mei de útkomst en doe ha we it referindum wer fuortsmiten. Guon wolle it no wer werom ha. Noch mear gaos.

Je ha fansels ek de Wildersen yn dizze wrâld, dy't fan diskusjearje skellen makke ha. Dêr binne dan minsken it mei iens, mar sadree't as dy in stikje bûten de pot pisje, wurde se fuortsmiten. Skandalich.

We ha hjir yn Hearrenfean in moai inisjatyf sjoen, hûnderten lju dy't meipraten oer de ferbettering fan it sintrum. No wie dat sintrum ek wol sa min dat elk der wol wat fan fine koe. De koeke dy't se bakten wie frij tsjok, benijd hoe't dat no aanst ferwurke wurde sil. Mar earlik wêze, de provinsje liet de minsken meiprate oer de doarpen. Se hearden goed, want no al moat de gemeenten wenten jaan as de doarpen minsken fine om der te wenjen. Dat wurket.

Meiprate. Leafst struktureel. En dan komme ta ien opiny. Oars kinne oerheden oer je hinne wâldzje ûnder it motto jimme bin it dochs ûniens. Wurk foar neat.

It festival waard organisearre troch de Vereniging Nederlandse Gemeenten, yn gearwurking mei it ministearje fan Ynlânske Saken. Dat soe op foarhân betsjutte dat it in drûch, toar festival wurde soe. Wie 't net, se hiene wol 100 sprekkers, yn alle kleuren en maten. Wol frjemd dat by dy sprekkers Tom Middendorp wie. Ik ken him net, mar Tom hie in militêr pakje oan en it leger is net in ynstelling, ha ik ûnderfûn, dy't it wurd demokrasy brûkt. Of is dat feroare?

In oare sprekker, Henk Krol fan 50PLUS, wie freed op de radio oan it wurd oer it festival. Gemeenteriedsferkiezingen moatte neffens him net in opstapke wêze foar de Keamerferkiezingen. Logysk dat hy dat sei, want yn de gemeenten docht hy amper mei. Syn twadde ferhaal wie better. Gemeenteriedsferkiezingen as tuskentrochjes, elke trije moanne wer acht gemeenten oan it stimmen. Dan hat de nasjonale polityk dêr gjin ynfloed mear op. Ik soe taheakje wolle: doch dat ek mar by de provinsjale ferkiezingen. Nij, oars en better.

Ik koe net nei it festival, oars hie ik fertelle wollen wat in hiel soad minsken tsjintwurdich sizze. De Twadde Keamer nei 75 man. Der meie mar trije partijen mear yn: Links, rjochts en midden. Binnen dy partijen moatte je alles mar beprate. Ast no 50+ bist, rasistysk, grien, kristlik, pasifistysk, allochtoan of wat dan ek. In grouwélich paad om de demokrasy wer yn de stringe te krijen. Dat ha we lykwols net hearre kinnen. In miste kâns.

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)