UPDATE: Steuring op spoar Ljouwert-Grins by Zuidhorn ferholpen

04 sep 2019 - 07:03

Treinreizgers moasten woansdeitemoarn rekken hâlde mei fertraging op it spoar tusken Ljouwert en Grins. Troch in sein- en wikselsteuring by Zuidhorn riden der gjin treinen tusken it doarp en Bûtenpost. Arriva sette bussen yn. Om kertier oer achten melde Arriva dat de steuring oplost wie.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost riden wol. Ferline wike ûntstie ek al in steuring by Zuidhorn troch in kabelbreuk by wurksumheden.

Trefwurden: 
fertraging Arriva
(Advertinsje)
(Advertinsje)