Eaststellingwerf siket gjin ferfanger foar wethâlder Jouke Jongsma

04 sep 2019 - 06:49

Der komt gjin nije wethâlder yn de gemeente Eaststellingwerf no't Jouke Jongsma fan OoststellingwerfsBelang der mei opholden is. De oare trije wethâlders ferdiele syn taken, wêrby't wethâlder Esther Verhagen fulltime oan de slach sil yn de gemeente.

Foto: Omrop Fryslan

Jouke Jongsma, dy't noch mar in jier wethâlder wie yn Eaststellingwerf, makke twa wike lyn bekend dat it wethâlderswurk net by him paste. It kolleezje yn de gemeente jout oan dat se it jammer fine dat Jongsma fuort giet, mar ha se respekt foar it beslút.

De gemeente Eaststellingwerf moat yn totaal sa'n 3,1 miljoen euro besunigje. Troch gjin nije wethâlder te sykjen wolle de koälysjepartijen OoststellingwersBelang, PvdA en CDA in bydrage leverje om't sa de bestjoerskosten fan de gemeente nei ûnder geane. Troch de taken fan Jongsma te ferdielen seit de koälysje 'de noodzakelijke stabiliteit in de organisatie, stabiliteit in het college van burgemeester en wethouders, efficiëntie en samenhang in de portefeuilles recht aan te doen'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)