Twa minsken ferwûne by ûngelok mei scooter yn Drachten

04 sep 2019 - 06:29

By in iensiedich ûngelok mei in scooter op de Eems yn Drachten binne woansdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. De scooter, dêr't twa minsken op sieten, ried op in fytspaad doe't er hurd ûnderút gie.

Foto: De Vries Media

Om't ien fan de beiden net oansprekber wie, waard der yn earste ynstânsje in traumahelikopter nei it plak fan it ûngelok stjoerd. Uteinlik binne beide persoanen mei in ambulânse nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok de Eems
(Advertinsje)
(Advertinsje)