Hierprizen yn Fryslân benammen omheech foar nije hierders

04 sep 2019 - 06:05

De hieren fan wenningen yn Nederlân wiene yn july fan dit jier 2,5 persint heger as yn deselde moanne ferline jier. Yn Fryslân is dat persintaazje 2,3. Dat docht bliken út sifers fan it CBS dy't woansdei ferskine.

Foto: ANP

It is net tige ûnferwachts dat Noard-Hollân de provinsje is mei de grutste taname. Dêr binne hierders yn trochsneed 3,1 persint mear hier kwyt as ferline jier. De provinsje mei de meast lytse taname is Drinte. Dêr giene de hieren mar mei 1,9 persint omheech. Fryslân sit mei in groei fan 2,3 persint yn de middenmoat.

Opfallend is wol dat dit benammen leit oan de hegere hieren by in bewennerswiksel. Ferhierders binne net bûn oan in maksimale hierferheging wannear't in hierhûs nije bewenners krijt. De hegere hier by nije bewenners is yn Fryslân relatyf heech. Sûnder dizze útsjitter soe Fryslân net sa heech yn de list stean.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
CBS wenje hierprizen
(Advertinsje)
(Advertinsje)