Spitse en Geurts genietsje op It Hearrenfean: "Super mooi hier weer te zijn"

04 sep 2019 - 10:10

Yn in sa goed as fol Abe Lenstra stadion wûnen de Nederlânske fuotbalfroulju tiisdeitejûn ienfaldich fan Turkije. De wedstriid einige yn 3-0. Sherida Spitse fan Snits wie by alle trije goals belutsen. "Over twee wedstrijden tien doelpunten en nul tegengoals is prima, maar we hadden er makkelijk nog een paar meer kunnen maken", sei se nei ôfrin fan de wedstriid.

Foto: Orange Pictures

Spitse fûn it leuk dat de wedstriid op It Hearrenfean wie. "Het is mooi om hier weer terug te zijn in Heerenveen. Dat we dan 3-0 winnen hier is mooi, we hebben twee keer gespeeld en twee keer gewonnen. Er zijn veel mensen die mij in deze regio kennen en dan wil je wel laten zien wat je kan. Niet alleen ik, maar het hele team."

Wy meitsje stappen

Sy jout ta sa no en dan wat sloarderich te spyljen. "Maar goed, ik had ook wat risico in het spel, omdat ik vooruit wilde spelen. Dan wordt je af en toe onderschept, maar over het algemeen ben ik tevreden." Turkije wie manmachtich oan it ferdigenjen. "Dat vroeg meer van ons, maar we hebben het wel goed gedaan." Ferline jier spile Nederlân ek op It Hearrenfean. Doe hie Oranje folle mear muoite, seach Spitse. "Bij Slowakije was het maar 1-0 op het laatst en nu 3-0, dus we maken daar wel stappen in."

Ien, twa, trije

Stefanie van der Gragt koe de bal yn de goal koppe út in hoekskop fan Spitse, al frij betiid yn de wedstriid. "We hadden contact, ze zei: 'ik sta helemaal vrij' en ze stond te gebaren. Dat is een kwaliteit van ons geworden. Als ik de ballen goed neerleg, weet ik met Anouk Dekker en Stefanie van der Gragt dat er heel veel kopkracht is. Dan is het mooi dat zij hem erin kopt en dat je 1-0 voor komt."

Danielle van de Donk koe nei it skoft it twadde doelpunt meitsje. "Danielle loopt goed diep, daar hebben we het over gehad in de rust. Ik leg de bal erachter en zij scoort. Dat je erover spreekt, dat je het uitvoert en scoort, dat is wel mooi."

De tredde goal makke Spitse sels mei in strafskop yn de boppehoeke. "Ik zat te twijfelen: ga ik naar mijn eigen hoek of strak de kruising in. Daar heb ik voor gekozen." En dat pakte goed út.

Noch gjin fakânsje

Fakânsje hat Spitse nei it wrâldkampioenskip dizze simmer noch net echt hân, want de kompetysjes yn Skandinavië geane yn de simmer gewoan troch. Spitse: "We hebben het naar onze zin en dit weekend staat er weer een wedstrijd op het programma. We kunnen door. Ik heb tien tot veertien dagen vrij gehad, dat is niet zoveel natuurlijk. Maar goed, ik moet nog even doorzetten en dan heb ik in december vakantie."

Ek Oranjeliuwin Loes Geurts út Hichtum hat noch gjin fakansje hân. Op dit stuit spilet Geurts yn Sweden, dêr't de kompetysje ek gewoan trochgiet. "Ik heb na het WK maar vier dagen vakantie gehad, omdat de competitie daar gewoon doorgaat. Maar dat weet je van te voren, dus je zit er meteen weer in."

Foto: Orange Pictures

"Het was een beetje saai"

Geurts belibbe de wedstriid tsjin Turkije fan de bank ôf, mar hiel spannend fûn se it net. "Het was bijna een beetje saai. We waren zóveel beter. Dan is het bijna frustrerend dat er niet meer doelpunten worden gescoord", sei se. Nei de 7-0 winst tsjin Estlân freed hie sy tsjin Turkije ek leaver in hegere skoare sjoen. "Tegen zo'n ploeg kunnen we meer scoren en moeten er meer schoten op doel zijn. Dat vergt meer beweging en creativiteit, maar we winnen gewoon heel goed."

Geurts, dy't yn har jeugd foar SC Hearrenfean spile, fûn it spesjaal om wer werom te wêzen yn it Abe Lenstra Stadion. "Het is super mooi om hier weer te zijn", sei se. Er is neffens har yn al die jierren net in soad feroare. "Het voelt nog steeds als thuis."

(Advertinsje)
(Advertinsje)