Doarpssintrum De Gearrin yn Aldegea (Sm.) hat 120 sinnepanielen op it dak

03 sep 2019 - 22:10

Sûnt dizze simmer lizzer der 120 sinnepanielen op it dak fan multyfunksjoneel sintrum De Gearrin yn Aldegea (Smellingerlân). Mei de panielen kin yn ien jier sa'n 23.000 kWh oan griene stroom opwekt wurde. It projekt waard mei mooglik makke troch it Fûns Koöperatyf Dividint fan Rabobank Drachten-Noardeast Fryslân.

De Gearrin yn Aldegea (Smellingerlân) - Foto: De Gearrin

Yn it multyfunksjoneel sintrum sitte ûnder oare de húsdokter, de basisskoalle en ferskate sportferieningen. De organisaasje fan De Gearrin jout oan dat sy as grutferbrûker fan stroom it ien en oar werom dwaan woene om enerzjy te besparjen en de CO2-útstjit nei ûnderen te heljen.

It Fûns Koöperatyf Dividint fan de Rabobank is oprjochte om lokale inisjativen te stypjen dy't de leefberens yn de omjouwing fergrutsje. Sadwaande wie der ek jild foar dit projekt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)