'Assistkeningin' Spitse wint mei Nederlân fan Turkije yn Abe Lenstra Stadion

03 sep 2019 - 21:54

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe in maklike oerwinning behelle yn de EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Turkije. It duel waard spile yn in sa goed as fol Abe Lenstra Stadion en einige yn 3-0 foar Oranje. Sherida Spitse wie by alle goals belutsen: se skoarde ien kear en joech twa assists. De oare Friezinne, Loes Geurts, siet op de bank en mocht net ynfalle.

Sherida Spitse tsjin Fatma Kara fan Turkije - Foto: Orange Pictures

De earste faze fan de wedstriid makke de ferhâldingen fuortendaliks dúdlik. Binnen twa minuten krige Nederlân al de earste goeie mooglikheid, mar it skot fan Lineth Beerensteyn gie in meter oer it doel fan Turkije hinne. Dochs duorre it net lang oant de bal der wol yn lei. In hoekskop fan Spitse koe yn de trettjinde minút binnenkopt wurde troch Stefanie van der Gragt, nei't de keeper fan Turkije ûnder de bal troch gie.

Foarsprong

Oan de oare kant krige Turkije in kânske út in frije traap, mar dat skot koe pakt wurde troch Nederlân-keeper Sari van Veenendaal. Nettsjinsteande in oerwicht en meardere kânsen, bleau de foarsprong by it skoft 1-0 foar Oranje.

It Abe Lenstra Stadion wie hast folslein útferkocht - Foto: Orange Pictures

Nei seis minuten yn de twadde helte levere in hoekskop fan Spitse op 'e nij in skoaringskâns op, mar de kopbal fan Van der Gragt koe ditkear wol keard wurde troch de keeper fan Turkije. Dochs waard it nei 55 minuten 2-0. Op 'e nij wie Spitse de oanjouwer. In lange bal fan de Snitser middenfjilder koe troch Danielle van de Donk oer de keeper hinne sketten wurde.

Spitse makket einstân

Nederlân krige dêrnei noch ferskate goeie mooglikheden en ien dêrfan wie in strafskop, dy't Spitse op moaie wize benutsje koe. Se skeat de bal fiif minuten foar tiid hurd yn de boppehoeke. Dêrmei bepaalde Spitse de einstân op 3-0.

It is de twadde EK-kwalifikaasjewedstriid fan de Nederlânske fuotbalfroulju. Freed wûnen se al mei 7-0 yn en tsjin Estlân. Nei de oerwinning op Turkije stiet Oranje no earste yn de pûl. Ek Ruslân hat noch de folsleine skoare mei seis punten út twa wedstriden. Oer in moanne giet de kwalifikaasje fierder: dan spilet Nederlân in útwedstriid tsjin Slovenië.

(Advertinsje)
(Advertinsje)