70 skiep losbrutsen ûnder Ljouwert: plysje hat der de hannen fol oan

De Hendrik Algrawei yn Ljouwert hat tiisdeitejûn in skoft ôfsletten west. Net sûnder reden, want der wiene 70 skiep losbrutsen. De plysje en hanthavening fan Ljouwert hawwe in goed oere dwaande west om de skiep werom it lân yn te krijen, mar it is se slagge.
© Handhaving Leeuwarden
De skiep wiene net fier fan it yndustryterrein yn de buert fan de dyk. Hanthavening Ljouwert reagearre op Twitter lakonyk mei de hashtags #parttimeschapenherders en #vanallemarktenthuis.