Troch lek sit der rioelwetter yn it oerflaktewetter fan Harns

03 sep 2019 - 19:06

Yn Harns is der by de Oude Trekweg troch in stikkene riolearring wetter út it rioel oan de oerflakte terjochte kaam. Dêrtroch binne der in soad fisken stoarn en stonkt it flink boppe ferskate fivers. De riolearring is rekke by it pleatsen fan damwanden. Dêr wie in boubedriuw mei dwaande om't de ynstallaasje foar de rioelwettersuvering opknapt wurde moat.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Der is moandei daalks aksje ûndernommen. Der wurdt in needpomp ynstalearre en oant dy tiid ride der sûgweinen om wetter út it rioel te ferfieren. Gemeente Harns en Wetterskip Fryslân riede minsken ôf om yn kontakt te kommen mei it oerflaktewetter. Dat jildt ek foar hûnen.

Fierder is de gemeente drok dwaande om deade fisken op te romjen.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema
(Advertinsje)
(Advertinsje)