Iepening akademysk jier begjint mei prosesje nei Grutte Tsjerke yn Ljouwert

03 sep 2019 - 17:44

In opfallend gesicht wie it tiisdeitemiddei yn it sintrum fan Ljouwert. Foarôfgeand oan de iepening fan it akademysk jier rûnen wittenskippers yn toga's yn optocht troch it sintrum nei de Grutte Tsjerke. Dêr waarden de oanwezigen ûnder oare wolkom hjitten yn it Ingelsk. Mear as de helte fan de studinten yn Ljouwert komt út it bûtenlân. Fan harren komt 7 prosint fan bûten de Europeeske Uny.

Iepening akademysk jier 01

"Voor ons is dit ook iets bijzonders. Dit doen we alleen maar in universiteitssteden. Dat betekent dat Ljouwert een universiteitsstad is", seit dekaan Andrej Zwitter

De universiteit fan Grins moat in universiteit fan it Noarden wurde. Dus njonken Grinslân en Fryslân moatte jo ek de provinsje Drinte en Dútslân en miskien sels súdlik Skandinavië derby belûke, seit de dekaan. Hy wennet sels ek al yn Ljouwert.

Iepening akademysk jier yn Ljouwert 2019 - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Zwitter seit dat se gjin universiteit wêze wolle dy't inkeld mar yn de ivoaren toer sit. Se wurkje no al gear mei de hegeskoallen en wolle de kontakten mei de maatskippij allinnich mar fierder útbouwe. "Werken aan duurzame oplossingen voor wereldwijde problemen."

Ferslachjouwer Willem de Vries is by de iepening akademysk jier

Universiteit fan Frjentsjer

De sluting fan de universiteit fan Frjentsjer (yn 1811) hat in grut gat achterlitten yn it hert fan de regio, seit Zwitter. Dy tradysje wolle se wer oppakke en fuortsette. Dizze regio hat safolle te bieden wat kennis oanbelanget. Dy kennis wolle se bondelje en en wer fierder útbouwe, seit de dekaan.

Yn ferliking mei ferline jier binne der folle mear studinten bykaam. De krekte sifers wurde pas op 1 oktober bekend. Zwitter: "Er lopen nu al flink veel studenten rond."

Willem de Vries frege studinte Ellis út Ljouwert wat sy fan de iepening fynt

Iepen dagen

Fan 31 oktober ôf is der trije dagen lang in grutte iepeningsfiering fan it fernijde Beursgebou dêr't de Campus Friesland yn sit. Elkenien is wolkom. Op 2 novimber is der in science festival. Belangstellenden kinne dêr yn de kunde komme mei de wittenskippers.

Heechste baas fan de RUG Jouke de Vries is as Dearsumer wiis mei de 'Fryske universiteit'

Iepening akademysk jier begjint mei prosesje nei Grutte Tsjerke yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)